Tydlik oanmeldsintrum yn Feanhuzen

29 sep 2015 - 18:05

Yn Feanhuzen komt in nij oanmeldsintrum foar flechtlingen. Njonken Feanhuzen gean der ek sintra iepen yn Zevenaar en Leusden. Goed in wike ferlyn giene ek al trije nije oanmeldplakken iepen. De seis nije oanmeldsintra binne tydlik omdat Ter Apel de stream flechtlingen net oan kin.

Elk oanmeldsintrum kin op in dei fan 550 flechtlingen de nasjonaliteit en oare gegevens fêstlizze. Fierders wurdt ûndersocht hoe't de minsken Nederlân yn kommen binne om kriminele minskesmokkelders opspoare te kinnen.

291735 sep 15

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)