Flechtlingen fan Harns nei Kollum en Gerkeskleaster

29 sep 2015 - 18:35

Yn de Van der Bijhal yn Kollum komt in krisisopfang foar flechtlingen. De minsken dy't dêr opfongen wurde, komme út de needopfang fan Harns. Yn totaal wurde hûndert minsken nei de opfang yn Kollum brocht. Se bliuwe dêr maksimaal seis dagen. Dêrnei is it de bedoeling dat de flechtlingen trochstreame nei reguliere opfang. Yn de hal komme bêden. Yn it sealesintrum De Colle kinne de flechtlingen te plak foar iten en ferdivedaasje.

Yn Gerkeskleaster komme ek noch sechstich flechtlingen. Sy komme woansdeitemiddei om fjouwer oere.

Yn Kollum is plak foar hûndert man. Dy komme út Harns, seit boargemaster Sluiter fan Harns. Fjirtich gean nei de gemeente Achtkarspelen, seit Sluiter. De minsken yn Kollum komme woansdei yn de rin fan de middei oan.

Op It Hearrenfean sitte no 204 man. De opfang dêr is oan syn ein kaam. Wêr't dy minsken hinnegean, sil in delegaasje fan it coa woansdei persoanlik meidiele oan de flechtlingen. Dat hat boargemaster Van der Zwan mei harren ôfpraat.

De bewenners fan Gerkeskleaster binne oer it algemien posityf oer de komst fan de flechtlingen. Se freegje harren wol ôf oft der wol genôch te dwaan is foar de flechtlingen yn it doarp. Sa is der bygelyks gjin winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)