Minder brânwachtynset troch kontrôle op falske meldings

29 sep 2015 - 15:54

De brânwacht fan Fryslân wol noch better kontrolearje wannear't ynset echt nedich is. Ferline jier waard hast de helte fan de tillefoantsjes en automatyske meldings ôfdien yn de meldkeamer. Fryslân folget dêrmei it lanlike byld dat in ôfname fan it tal ynsetten sjen lit.

De meiwurkers op de meldkeamer freegje troch by telefoanyske meldings. Yn bygelyks gefallen fan stoarmskea is de ynset fan de brânwacht lang net altyd needsaaklik. Fierders binne in soad automatyske meldings falsk.

De brânwacht hoecht dus minder faak op 'en paad troch skerpere kontrôle. As dat noch better wurdt, kin de brânwacht suniger omgean mei frijwilligers. Dy moatte no noch wolris it wurk dellizze foar in foutmelding.

Trefwurden: 
brânwacht brânmelding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)