"Spoarlinen Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum yn gefaar"

29 sep 2015 - 15:18

De minne finansjele situaasje by ProRail soe wolris it begjin fan de ein fan twa spoarlinen yn Fryslân wurde kinne. Dêrfoar warskôget steatelid Anja Haga fan de ChristenUnie. Sy is iepenbierferfiersaakkundige foar de CU-Twadde-Keamerfraksje.

De Twadde Keamer praat tiisdei yn in debat oer de situaasje by de spoarbehearder. ProRail soe jild foar ûnderhâld fan de regionale linen ferskowe wolle nei de Rânestêd. Dêrmei komme de ferbinings Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum yn gefaar. Yn it slimste gefal soene dy opheft wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)