FIDEO: in foarpriuwke fan Animal Inside Out

29 sep 2015 - 13:47

Hoe sjocht in oaljefant derút sûnder fel en in haai wêrfan't allinne de bloedfetten te sjen binne. It antwurd op dy fraach is te sjen yn it Natuermuseum Fryslân. Yn it atrium is dêr de eksposysje Animal Inside Out te sjen. Dy unike útstalling is foar it earst yn Nederlân te sjen en luts yn Londen 250.000 besikers.

Animal Inside Out komt út de koker fan de wrâldferneamde keunstner Gunther von Hagens. Hy waard bekend mei it preparearjen fan echte minskelichems foar de eksposysje Bodies.

Animal Inside Out lit tsientallen bisten binnenstebûten sjen. Fan geiten oant sjiraffen en fan oktopussen oant strúsfûgels. De eksposysje giet takom wykein iepen foar publyk. De bern út groep sân fan de Koningin Wilhelminaskoalle út Ljouwert wiene tiisdei de earste besikers. De kurator fan de tentoanstelling, de Dútse Angelina Whalley, wie der ek by. Sy is troud mei Gunther von Hagens, de betinker fan de útstalling,

De eksposysje wie earder njonken Londen ek yn Wenen en Frankfurt te sjen. Direkteur Gerk Koopmans fan it Natuermuseum Fryslân ferwachtet mear as 40.000 besikers. It museum moast hielendal op 'e nij ynrjochte wurde foar de tentoanstelling, om't de bisten in soad romte ynnimme. Der is ek in nij bist te besjen. Dat hat yn Ljouwert de primeur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)