Raad voor de Rechtspraak stelt besunigings út

29 sep 2015 - 10:58

De Raad voor de Rechtspraak stelt de besunigingsplannen foarearst út. Neffens dy plannen soenen sân fan de 32 rjochtbanken foars ynkrimpe. Yn it noarden is dat Assen. Ljouwert soe in folweardige rjochtbank hâlde, yn alle gefallen oant 2020. Mar de plannen stuitsje op fûl ferset.

De Twadde Keamer hat dêrom frege om de plannen foarearst net troch te setten, mar earst de beslútfoarming yn Den Haach ôf te wachtsjen. Dêr giet de Raad voor de Rechtspraak no yn mei. Wol lit de Raad witte dat de plannen noch net fan de baan binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)