Molkpriis FrieslandCampina wer bytsje omheech

29 sep 2015 - 07:54

Suvelkoöperaasje FrieslandCampina hat besletten om de boeren yn oktober wer in bytsje mear foar de levere molke te beteljen. De saneamde garânsjepriis, dy't no noch 28,50 euro foar hûndert liter is, wurdt ferhege nei 29 euro. FrieslandCampina folget dêrmei it foarbyld fan de Deenske suvelprodusint Arla.

FrieslandCampina ferwachtet dat de prizen fan suvelprodukten as bûter en molkpoeier in bytsje omheech gean sil. De molkpriis giet dan mei. Yn augustus wie it foar in soad boeren in skrik doe't de molkpriis ûnder de 30 euro sakke.

In soad boeren produsearje dit jier folle mear molke as ferline jier, omdat yn april de superheffing ôfskaft waard. Omdat der no folle mear molke op de merk is en der boppedat minder eksporteard wurdt nei Ruslân en Sina, is de molkpriis dit jier in stik leger as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)