Flylân krijt wynmûne yn it sintrum fan it doarp

28 sep 2015 - 13:59

In wente oan de Middenwei op Flylân krijt ein dizze wike in RidgeBlade-wynturbine op it dak. Dat is in soarte fan skoeperêd dat yn de lingte oer de nok fan it hûs pleatst wurdt. It wurdt sa makke dat it in part fan de wente liket. It is in inisjatyf fan de gemeente Flylân en it enerzjyloket. It projekt moat oantoane dat it net dreech is om in hûs enerzjyneutraal te krijen.

It past ek goed by de winsk fan de eilânbewenners om sels genôch enerzjy op te wekken en net mear ôfhinklik te wêzen fan de fêste wâl.

Trefwurden: 
wynturbine enerzjy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)