Auto útbaarnd yn Ljouwerter wyk Aldlân, tsjûgen socht

28 sep 2015 - 11:21
Brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In auto oan de Watermunt yn de wyk Aldlân yn Ljouwert is sneintenacht útbaarnd. In tsjûge seach krekt foar de brân twa minsken stean by de auto. Se hiene alle twa in petsje op en in trainingspak oan. Eefkes nei't se fuortgien wiene, stie de auto yn de brân.

De twa rûnen wiene yn de rjochting fan it Wilgenroosje rûn. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
auto brân Aldlân Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)