Skûmjende fontein op rotonde soarget foar glêdensgefaar

28 sep 2015 - 11:05

De nije rotonde yn de Ljouwert Frijheidswyk sit ûnder it skûm. Unbekenden hawwe sneintenacht in skûmjend middel yn de fontein op de rotonde smiten. It skom rint oer de dyk hinne en dat kin soargje foar glêdens.

De gemeente Ljouwert is eigener fan de rotonde en sil de dyk skjinmeitsje. De rotonde is sûnt ferline wike iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)