Hûnútlitter bedrige troch man mei in mes

28 sep 2015 - 10:33

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in mishanneling en bedriging yn Ljouwert. In man rûn sneintemiddei mei syn hûnen oer de Archipelwei doe't ynienen ien by him stie dy't him mei in mes bedrige. De fertochte makke twa kear in stekbeweging mei it mes rjochting de Ljouwerter. Dy liet dêrop syn hûnen los om himsels beskermje te kinnen.

De fertochte die syn mes fuort en skopte de Ljouwerter hurd tsjin it skouder. Dêrnei naaide de fertochte út yn in swarte auto. De plysje hat in boargernetaksje holden, mar dy hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
mes bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)