Ambulânse mei pasjint krijt klapbân op A7 by Drachten

27 sep 2015 - 16:41

Op de A7 by Drachten hat in ambulânse sneintemiddei in klapbân krigen. De sikewein hie in pasjint oan board. Se wienen ûnderweis fan It Hearrenfean nei Drachten. Flak foar Drachten krige de ambulânse in klapbân. In twadde ambulânse kaam om de pasjint fierder te ferfieren. In bergingsbedriuw hat de sikewein mei pech fuortsleept.

Trefwurden: 
plysje Drachten ambulânse A7
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)