Earste part fan Sintrale As moandei iepen

27 sep 2015 - 14:12

It earste part fan de Sintrale As giet moandei om 12 oere iepen foar it publyk. It giet om it noardlike part fan Dokkum nei Feanwâlden. De fjouwerbaans dyk moat de ferkearsfeiligens yn it gebiet ferbetterje. Ek moat de dyk soargje foar in bettere berikberheid fan Noardeast-Fryslân. Bestjoerders meie op it stik 100 kilometer yn de oere ride.

It wurk oan de Sintrale As tusken Nyegea en Dokkum is opknipt yn parten. It lêste part moat ein takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Sintrale As Dokkum autodyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)