UNIS Flyers begjint kompetysje mei winst

27 sep 2015 - 13:25

De iishockeyers fan UNIS Flyers binne de kompetysje sneon sterk begûn. Yn Antwerpen fersloegen se Phantoms mei 4-1.

Marco Postma en Harry Matheson soargen foar de 2-0 foarsprong. Yn de twadde perioade bouden de Hearrenfeaners har foarsprong út nei 3-1 fia in treffer fan Valentijn Bouten en yn de tredde perioade soarge Harry Matheson foar de einstân fan 4-1.

De coach wie tefreden mei de kompetysjestart en hat fertrouwen foar de kommende wedstriden.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)