Lintsje foar organist Pieter Hoekstra fan Toppenhuzen

27 sep 2015 - 11:05

Organist Pieter Hoekstra (74) út Toppenhuzen hat snein in keninklike ûnderskieding krigen út hannen fan boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Dat barde nei ôfrin fan de tsjerketsjinst yn de Johannestsjerke yn Toppenhuzen.

Hoekstra bespilet it oargel yn Toppenhuzen en Twellingea al sûnt 1957. Fierder is hy begelieder fan de kantorij, is er lid fan de liturgykommisje en hat er tsien jier lang oargellessen jûn. Hoekstra is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)