Auto ferliest tsjil op N31 by Harns

27 sep 2015 - 10:12

Op de autodyk N31 by Harns hat sneintemoarn in iensidich ûngelok plakfûn. It eftertsjil fan in auto wie losrekke. De auto begong te slingerjen en bedarre tsjin de fangrail. De minsken yn de auto kamen mei de skrik frij. De plysje hat it ferkear regele, wylst de beskeadige auto fuortsleept waard.

Trefwurden: 
auto-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)