Iepenloftspul Snakkerbuorren wint Gouden Gurbe

27 sep 2015 - 08:42

It iepenloftspul 'De dame komt' fan Snakkerbuorren hat sneontejûn yn Snits de Gouden Gurbe foar it bêste iepenloftspul fan Fryslân wûn. De prizen binne foar de njoggende kear útrikt.

Meielkoar binne 15 iepenloftspullen beoardiele. Neffens de sjuery siet it iepenloftspul fan Snakkerbuorren fan begjin oant ein goed ynelkoar, mei prima haadrolspilers, mar ek goede byrollen en in moai dekôr.

It iepenloftspul 'Augustus' yn Jorwert krige in Gouden Gurbe foar bêste foarmjouwing fan Ekko de Bakker en foar de bêste byrol fan Sybrecht Speerstra.

'It deiboek fan Anne Frank' krige in Gouden Gurbe foar de bêste haadrol fan Eline de Vries. Ek de publykspriis gong nei dit iepenloftspul yn Deinum. "Eline de Vries overtuigt als de levenslustige puber die in een situatie is beland waarin zij zich aan alle kanten ingeperkt voelt. Vrolijk, bozig, opstandig en dromend van een onzekere toekomst als schrijfster/journaliste. In die achtbaan vindt Eline haar weg", sa stiet yn it sjueryrapport.

In spesjale Gouden Gurbe gie nei Masquerade Theater yn Kollumersweach, teater troch jongerein mei it stik 'Kattekwea'. Neffens de sjuery is de groep jeugd de grutte ferrassing fan dit seizoen.

Trefwurden: 
Iepenloftspul Gouden Gurbe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)