Wiuwert hat in natuer- en moetingstún

26 sep 2015 - 17:16

Yn Wiuwert is sneon de nije natuer- en moetingstún iepene troch wethâlder Bonnema fan Littenseradiel. It giet om in doarpstún fan sa'n 600 kante meter grut, mei boarterstastellen foar de bern, in fuotbalkoai, banken en in insektehotel. Yn de tún binne ek paden makke. De moetingstún hat sa'n 40.000 euro koste, in part fan dy sinten binne troch it doarp sels opbrocht.

De tún is oanlein op in stikje grûn dêr't foarhinne net safolle barde. De gemeente helpt mei it ûnderhâld fan it gers, de rest dogge de ynwenners fan Wiuwert sels.

Trefwurden: 
Wiuwert moetingstún tún
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)