Ultrarinner Teunissen út Boalsert folbringt Spartathlon

26 sep 2015 - 16:56

Ultrarinner Silvio Teunissen út Boalsert hat sneontemiddei as ienige Nederlanner de 33e Spartathlon yn Grikelân folbrocht. De atleet rûn de wedstriid oer 246 kilometer van Athene nei Sparta yn 34 oeren, 40 minutenen 28 sekonden. De wedstryd gie freedtemoarn om sân oere fan start mei dêrby acht Nederlanners.

Teunissen koe hieltyd goed binnen de tiidslimyt bliuwe. Der binnen nammentlik goed 70 ‘checkpoints’ en dêr moast foar in bepaalde tiid wêze. Oars helje se dy út de race. Yn totaal moat de 246 kilometer binnen 36 oeren ôflein wurde.

Yn al dy jierren hawwe mar 25 Nederlanners de Spartathlon útrûn. En no dus 26.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)