70e betinking Slach by Warns yn teken fan taal en kultuer

26 sep 2015 - 14:43

Der moat trochpakt wurde om it Frysk te beskermjen. As dizze generaasje Friezen it net docht dan is de taal en kultuer nei de takomst ta sa goed as ferlern. Dat sei foarsitter Chris van Hes fan de Jongfryske Mienskip. Hy wie de haadsprekker by de 70e betinking fan de 'Slach by Warns'.

Neffens Van Hes lizze der no kânsen om bygelyks it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank op 'e nij op de politike aginda te krijen. Ek oare saken lykas it brûken fan Frysk op skoallen kin no regele wurde. "De diskusje is no en dus moat je no kânsen gripe."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)