Burendag: moarnsbrochje op De Harkema

26 sep 2015 - 13:24

Yn sporthal 'De Fûgelkamp' op De Harkema hawwe bewenners fan de gemeente Achtkarspelen in moarnsbrochje iten mei de boargemaster en wethâlders. It wie foar de sânde kear dat gemeente Achtkarspelen in moarnsbrochje op Burendag organissearre. Alle jierren is it yn in oar doarp fan de gemeente.

Neffens boargemaster Gerbrandy is it brochje bedoeld om bewenners fan de gemeente de kâns te jaan op in simpele wize yn kontakt te kommen mei de lokale polityk.

Bewenners fan De Harkema hawwe by it moarnsbrochje ek in yntinsjeferklearring oan de gemeente Achtkarspelen jûn. Dêryn stiet dat it doarp De Harkema graach it sûnste doarp fan de provinsje wurde wol.

Ek is it doel om sa enerzjyfreonlik as mooglik te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)