Froulju SC Hearrenfean krije finansjele stipe

26 sep 2015 - 11:32

SC Hearrenfean sil it frouljusteam dit seizoen op finansjeel en materieel mêd stypje. Om't it alvetal yn in aparte stichting ûnderbrocht is, is it net fanselssprekkend dat se stipe krije fan de Feanster klup. De bestjoeren fan SC Hearrenfean en de Stichting Froulju SC Hearrenfean tekenje dêrom sneontemiddei yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean in konvenant.

Hjiryn stiet ek dat de froulju dit seizoen twa kear yn it Abe Lenstra Stadion spylje: op 2 oktober tsjin PSV en op 13 maaie tsjin FC Twente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)