Iepen dei by fiskhannel Sterkenburg yn Lauwerseach

26 sep 2015 - 10:38

Belangstellenden kinne sneon besjen hoe't fiskhandel Sterkenburg yn Lauwerseach der by stiet, nei de ferwoestende brân fan ferline jier. It bedriuw hâldt sneon in iepen dei mei rûnliedingen. De keuken, de fiskferwurking, de fiskwinkel en it restaurant kin besjoen wurde. Frijwilligers litte sjen hoe't garnalen peld wurde.

De fiskhandel sit al sûnt 1975 oan de fiskerijhaven. Troch in fûle brân op 10 septimber ferline jier waard it hiele bedriuwsgebou fernield. Mei de iepen dei wol de famylje dizze drege perioade ofslute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)