Frysk Jeugd Orkest treedt op yn Carré foar keningspear

26 sep 2015 - 10:29

Ek al hat it Frysk Jeud Orkest al ferskate kearen oefene en sels al offisjele optredens dien mei it stik 'Van Oranje', de opfiering foar de kening en keninginne yn Theater Carré yn Amsterdam bliuwt dochs spannend. Dat seit dirigint Theo Brouwer. It optreden fan it orkest makket sneon diel út fan it slotfeest fan 200 jier Keninkryk.

Dat it Frysk Jeugd Orkest dêr spylje mei, komt omdat se de winner binne fan in muzykwedstryd. Se hawwe it stik 'Van Oranje' - fan komponist Carl Wittrock - it bêste spile.

Brouwer neamt it in erkenning foar syn orkest en de jeugdoplieding dy't dêr by heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)