"Rêdingshelikopters Kustwacht foldogge net oan easken"

26 sep 2015 - 10:11

De trije rêdingshelikopters fan de kustwacht foldogge net oan de easken. Dat docht bliken út ûndersyk fan NRC Handelsblad. Dêryn stiet dat se net fleane kinne yn swiere waarsomstannichheden mei kâns op iisôfsetting op it tastel. Twa fan de trije helikopters hawwe gjin ynfrareadkamera en ien fan de tastellen kin net automatysk stil hingje.

Neffens NRC binne de problemen it gefolch fan de flugge oanbesteging. Der is benammen nei de priis sjoen en net nei kwaliteit.

Neffens Rykswettersteat falt it wol wat ta en binne de nije tastellen better as dy't der wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)