Supporters SC Hearrenfean protestearje tsjin bestjoer

26 sep 2015 - 10:06

Supporters van SC Hearrenfean hawwe sneontemoarn spandoeken ophongen by it Abe Lenstrastadion mei teksten oer de problemen by de klup. Der stiet ûnder oaren op "Clubbelang boven eigen belang". De supportersgroep is it mear as sêd dat der nei jierren fan ûnrêst wer minsken binne dy't miene dat se belangriker binne as de klup.

Se binne hielendal klear mei de ferdieldheid, de kampen en de belangen binnen de klup. Se roppe alle partijen op om it klupbelang foarop te stellen en te wurkjen oan in stabile takomst fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)