Harns organisearret fuotbalwedstriid mei flechtlingen

26 sep 2015 - 09:37
  • Sportcoach en jongerewurker Stijn Kooiman fan Harns

Yn Harns wurdt sneontemiddei om 13.30 oere in fuotbalwedstriid organisearre tusken de flechtlingen yn de Waddenhal en ynwenners fan Harns. Der is noch wol ferlet fan fuotbalskuon en fansels moatte der ek fuotballers en skiedsrjochters komme. Der is ek ferlet fan bernepyama's, trainingspakken, wykeintassen en koffers. Dat guod kin brocht wurde nei de wolkomwinkel neist de brânwachtkazerne op de Westerseedyk.

Op de webside fan de gemeente Harns stiet hoe't minsken har opjaan kinne.

(advertinsje)