Klaus Roosenburg hâldt nei 55 jier op as fuotballer

25 sep 2015 - 22:59

De âld-Cambuurspiler Klaus Roosenburg út Ljouwert hat freedtejûn offisjeel ôfskied naam fan it fuotbaljen. De 62-jierrige Roosenburg hie de lêste jierren te bot lêst fan in knibbelblessuere. Roosenburg wie 55 jier fuotballer, trainer en in grut leafhawwer fan de sport. Hy komt út in echte Cambuur-famylje: Sels spile hy 321 wedstriden foar de profklup. Mar ek heit André en de broers Wim, André en Febo én soan Martijn, hawwe foar de Ljouwerter klup spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)