Fuotbalfjild Drachtster Boys oer twa wiken wer bespylber

25 sep 2015 - 18:46

Drachtster Boys hopet oer twa wike de earste thúswedstriid fan it seizoen te spyljen. Dan moat it haadfjild, dat de ôfrûne tiid pleage wurdt troch larven, wer hersteld wêze. Dat tinkt foarsitter Gijs Lokhorst fan Drachtster Boys.

De gemeente Smellingerlân docht der alles oan om it fjild sa gau as mooglik wer spylklear te meitsjen. Frijwilligers fan Drachtster Boys hawwe in soad drokte hân om it wedstriidskema te feroarjen, sadat safolle mooglik wedstriden trochgean koene.

De feriening fernimt it ek yn 'e beurs, om't der kantine-ynkomsten en yntreejilden mist wurde.

De earste twa thúswedstriden fan Drachtster Boys tsjin SVZW en Flevo Boys waarden ôflast, om't it fjild te bot skansearre wie troch de lytse bistjes. De earstfolgjende thúswedstriid is op sneon 10 oktober tsjin AZSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)