Omrop TIP: Jan Oort en de Sileenske teleskoop

26 sep 2015 - 08:39

Hy ûntduts ûnder oare de rotaasje fan ús Molkwei en ûntwurp in revolúsjonêre teory oer de oarsprong fan kometen: Jan Hendrik Oort. De yn Frjentsjer berne âld-heechlearaar stjerrekunde Oort wurdt de grutste astronoom fan de foarige ieu neamd.

Eartiids stie Oort oan de widze fan de radioteleskopy yn Westerbork en de Europeeske stjerrewacht yn Sily. Oort ûntfong tsien earedoktoraten, wie lid fan de pauslike akademy fan wittenskip en wûn de Kyoto-priis. De hjoeddeiske stjerrekunde is ûntinkber sûnder Oort.

Oort hat in protte studinten en promovendi ynspirearre, lykas de yn Ljouwert berne Paul van der Werf. Mei him giet programmamakker Thom Verheul nei it bertehûs fan Jan Oort en ûndersiket er syn betsjutting foar de stjerrekunde fan no.

Heech yn de bergen fan Sily set meikoarten de bou fan de grutste teleskoop fan ‘e wrâld útein: the Extremely Large Telescope (ELT). Dat biedt kânsen foar in nije generaasje astronomen om de fuotstappen fan Oort te folgjen en djipper it hielal te ûntdekken. De ELT is dan ek ynspirearre op it observatoarium yn Westerbork dat Oort mei mooglik makke. De ELT bestiet út in grut oantal radioteleskopen dy’t mei-inoar ien hiele grutte teleskoop foarmje en sa sinjalen fan miljarden ljochtjierren tebek ûntfange kinne.

De dokumintêre 'It skaad fan Oort' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)