Boargemaster Sluiter: Gau in plan foar flechtlingen meitsje

25 sep 2015 - 14:47

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns makket him soargen oer de ûnwissigens foar de flechtlingen dy't yn syn gemeente opfongen wurde. De 143 minsken dy't de kommende dagen ferbliuwe yn de Waddenhal, hawwe eins gjin idee hoe't it dêrnei komt en wêr't se dan hinne moatte.

Neffens de boargemaster moat der gau in plan komme foar de flechtlingen. 'Als mensen heel langdurig van niks weten, dan begint bij hun ook de onvrede toe te slaan,' sa seit Sluiter.

De opfang yn Harns is in krisisneedopfang. De flechtlingen wurde yn prinsipe foar maksimaal 72 oeren opfongen. It ferbliuw kin nochris mei 72 oeren ferlinge wurde.

Al bliuwe de flechtlingen foarearst mar trije dagen, dochs bringe de minsken út de buert in hiel soad guod foar de flechtlingen nei de saneamde Welkomwinkel yn Harns. Foaral klean en koffers. De Welkomwinkel stiet njonken de Waddenhal.

De gemeente Harns is tige tefreden oer alle help.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)