De Fockert en St. Juste yn foarseleksje Jong Oranje

25 sep 2015 - 14:11
Keeper Maarten de Fockert fan SC Hearrenfean - Foto: ANP

Keeper Maarten de Fockert en ferdigener Jerry St. Juste binne opnaam yn de foarseleksje fan Jong Oranje. De talinten fan SC Hearrenfean riede harren ta op de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Slowakije op 11 oktober. Beide spilers hawwe noch nea spile yn it alvetal fan Jong Oranje.

Bûnscoach Fred Grim makket takom freed de definitive seleksje bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)