SC Cambuur wachtet lestige útwedstriid tjin FC Utrecht

25 sep 2015 - 13:45

Cambuur wachtet sneon in lestige útwedstriid tsjin FC Utrecht. Dat sei trainer Henk de Jong freed nei de lêste training. De Utrechters spylje in systeem dat foar tsjinstanners dreech te bestriden is. Druk sette of net, dat wurdt de kar foar Cambuur sneon. Henk de Jong woe him der net oer útlitte. Ek net oer de opstelling.

Calvin Mac-Intosch en Mikhail Rosheuvel binne blesseard en kinne net spylje. It sintrum fan de ferdigening wurdt foarme troch Dammers en Peersman. Furdjel Narsingh is wer fit, Kai Heerings is een twifelgefal.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)