Jan Atze Nicolai nije fraksjefoarsitter PAL Grienlinks

25 sep 2015 - 11:55

Jan Atze Nicolai wurdt per 1 oktober de nije fraksjefoarsitter fan PAL GrienLinks yn Ljouwert. Hy ferfangt Gerben Hoogterp. Dy leit syn riedswurk ein dit jier del, om't er in oare baan krigen hat en ferhúzje moat. Nicolai wie al riedslid foar PAL GrienLinks.

De sit yn de Ljouwerter gemeenteried wurdt no ynnaam troch Elizabeth Hietkamp. Sy hat al earder riedslid west foar de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)