Pinksterfeest Wynjewâld yn gefaar fanwege tekoarten

25 sep 2015 - 11:29

It Pinksterfeest fan Wynjewâld hat te krijen mei in tekoart oan jild en in tekoart oan bestjoersleden. Ut in evaluaasje fan de lêste edysje fan it feest, yn maaie, hat bliken dien dat der in finansjeel gat fan goed 2.000 euro is. Om dat op te fangen, organisearret de Stichting Pinksterfeest Wijnjewoude yn novimber in benefytkonsert.

Mar der binne ek noch nije bestjoersleden nedich. Sûnder nije oanwaaks wurdt it neffens de stichting dreech om it Pinksterfeest takom jier wer te organisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)