Fertochte net goed wurden

05 apr 2012 - 15:06

Ien fan de trije manlju dy't terjocht stean moatte omdat se harren freon yn kritike tastân yn in auto achterlitten ha, is net goed wurden yn de rjochtssaak. De saak is
dêrom útsteld. Tidens de behanneling ûntstie it fermoeden dat de man ûnder ynfloed wie, in ambulânseferpleechkundige befestige dat. Hy koe net mear op syn fuotten stean. Neffens de rjochter is er te fier hinne foar behanneling fan syn saak. De 21-jierrige Dokkummer waard nei in stapjûn de oare dei dea fûn yn syn auto. Syn stapmaten hiene him yn de auto achterlitten.

Fan de trije fertochten binne der mar twa nei de rjochtbank kaam.

Trefwurden: 
rjochtsaak GHB stapper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)