Wedstriid Drachtster Boys giet fanwege rûpen net troch

24 sep 2015 - 22:52

De haadklassewedstriid Drachtster Boys-Flevo Boys fan kommende sneon giet definityf net troch. It haadfjild fan Drachtster Boys is troch de rûpepleach, larven fan miggen, noch hieltyd net bespylber. De klup hat noch besocht om de wedstriid te ferpleatsen nei it keunstgersfjild.

It fuotbalbûn KNVB fynt dat goed mar om't it fjild net offisjeel opjûn is as spylfjild hoecht Flevo Boys der net oan mei te wurkjen. Drachtster Boys is dêr perfoarst net wiis mei. It slagget net om sa yn in goed wedstriidritme te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)