Baneferlies troch fúzje ynkassoburo Incassade

24 sep 2015 - 22:16

It Ljouwerter ynkasso- en gerjochtsdoarwardersburo Incassade fusearret mei de kollega's fan Groenewegen & Partners út Utrecht. Troch de fúzje ûntstiet in bedriuw mei sa'n 310 wurknimmers. It haadkantoar komt yn Amsterdam. De fúzje moat beide bedriuwen klearmeitsje foar de takomst seit direkteur Paul Otter fan Incassade.

De hiele operaasje giet wol te koste fan sa'n 40 wurkplakken. Foar de belutsenen is in sosjaal plan opsteld. By Incassade wurkje op dit stuit goed 150 minsken. By Groenewegen binne dat der sa'n 200.

Beide bedriuwen hawwe no tegearre fjirtjin kantoaren. Dat tal giet werom nei sân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)