Boargemaster Van der Zwan rekke troch lot flechtlingen

24 sep 2015 - 21:06

188 asylsikers út ûnder oaren Syrië en Somalië binne tongersdeitejûn oankaam by de krisisopfang op It Hearrenfean. De groep - foar in grut part húshâldings mei jonge bern - kaam út de needopfang fan Maassluis. Neffens boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean wie in part fan de groep wol wat teloarsteld dat se nei de needopfang yn de sporthal fan Maassluis no wer yn in sporthal bedarren. Ek wiene se wurch en hiene se ferlet fan in bêd.

Foar de bern is in spesjale boartershoeke ynrjochte. Dêr waard tankber gebrûk fan makke troch de jonge flechtlingen.

Boargemaster Van der Zwan, wethâlder Van der Laan en in oantal riedsleden wiene by de needopfang foar in offisjeel wolkom. Se wienen bot oandien troch it byld fan minsken dy't yn in lyts kofferke alles meidrage dat se noch oer ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)