Nij stik Klaasje Postma

05 apr 2012 - 14:18

Acht jier nei har grutte suksesfolle solostik Rolling Home komt Klaasje Postma mei in nij stik: JAMEIMY. Postma spilet it stik, dat giet oer har eigen libben, tegearre mei har man Freark Smink.

De foarstelling giet op freed 6 april yn Snits yn premjêre. De opfierings yn Theater Sneek binne al útferkocht. Ekstra foarstellings binne der yn It Aldahuys yn Bears. Yn K-rûte fan 4 april is in reportaazje oer it akteursechtpear te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)