Hearrenfean krijt help buorgemeenten by opfang flechtlingen

24 sep 2015 - 16:44

De gemeente Hearrenfean krijt help fan de buorgemeenten om de flechtlingen goed op te fangen. De druk op de amtlike organisaasje is sa grut dat der in berop dien is op amtners fan de beide Stellingwerven en Opsterlân.

Op It Hearrenfean is de Blauw Wit hal ynrjochte as tydlike opfang. Flechtlingen bliuwe dêr maksimaal 72 oeren en moatte dêrnei troch nei de sintrale opfanglokaasje yn Ter Apel. De amtners wurde ynset by de ynrjochting fan de hal en organisaasje fan de opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)