Meijerink nij lid kolleezje fan bestjoer ROC Friese Poort

24 sep 2015 - 13:59

Remco Meijerink (41) makket fan takom jier diel út fan it bestjoer fan ROC Friese Poort. Hy wurdt dan lid fan it kolleezje fan bestjoer. Meijerink is no noch bestjoerslid fan it ROC fan Twente. Dêrfoar hat er hjir finansjeel direkteur west en wurke er as akkountant. Meijerink wennet yn Vriezenveen.

Hy is net de lêste nije oanwinst fan de ûnderwiiskoepel. Meikoarten hopet ROC Friese Poort ek noch in nije foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer te beneamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)