Skilderijen fan Rembrandt komme nei Fryslân

24 sep 2015 - 13:50

De twa skilderijen fan Rembrandt, dy't it Ryksmuseum yn Amsterdam mei de Nederlânske steat keapje wol, komme ek nei Ljouwert. As de keap slagget, sille de beide skilderijen op in toernee troch Nederlân gean. Yn elke provinsjale haadstêd wurde se dan in tal dagen, fan tongersdei oant en mei snein, útstald.

Yn Ljouwert giet it om it Fries Museum. It is noch net dúdlik wannear't de Rembrandt-toernee krekt wêze sil. De skilderijen foarmje de grutste keunstoankeap yn de Nederlânske skiednis; se kostje 160 miljoen. De oerheid betellet de helte.

It giet om de houliksportretten fan Maerten Soolmans en Oopjen Coppit. De twa doeken binne de grutste portretten dy't Rembrandt makke hat. Se binne beide 2,10 meter lang en 1,35 meter breed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)