Ljouwerters oppakt foar fernieling fan autospegels

24 sep 2015 - 10:49

Twa mannen fan 22 jier út Grins en in Ljouwerter man fan 21 jier, binne ôfrûne nacht oppakt foar fernielings. It trio hat nei alle gedachten autospegels fernield fan acht parkearde auto's op de Tjerk Hiddesstrjitte, acht auto's op de Goudregenstrjitte, twa op it Groningerplein en ien op de Azaleastrjitte.

De plysje hopet dat tsjûgen dy't de manlju sjoen hawwe, harren melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)