Festival Explore the North skrast om finansjeel tekoart

24 sep 2015 - 10:06

It festival Explore the North yn Ljouwert giet dit jier net troch. Wichtichste reden is neffens de organisaasje it ûntbrekken fan stipe fan gemeente en provinsje. Der is gjin strukturele finansjele bydrage foar Explore the North fêstlein.

Doel is dat it festival fan takom jier ôf wol wer plakfynt. Dan stiet it ek yn it bidbook fan Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)