Ried blokkearret winkelsintrum

De gemeente Frjentsjerteradiel blokkearret de komst fan in winkelkompleks yn Frjentsjer. Neffens it bedriuw Agrifirm soe wethâlder Bekkema him ynsette foar de komst fan in winkelkompleks fan 6000 kante meter op it eardere Agrifirmterrein oan de Prins Hendrikkade yn Frjentsjer. Dêryn soe plak wêze foar seis winkels en sechtich meiwurkers.
Der is lykwols ien wichtige betingst: der moat in discounter by sitte, in Aldi of in Lidl of soks. Wethâlder Bekkema ûntkent dat er him ynsette soe. De VVD en de ChristenUnie wolle dúdlikens oer saak.
Beide partijen wolle tongersdeitejûn mei in ynterpellaasje dúdlikens krije fan de wethâlder.