Berging kranen en brêgedek Alphen set tongersdei útein

24 sep 2015 - 06:27

De bergingskombinaasje Mammoet en Hebo Maritiemservice set tongersdei útein mei de berging fan de omfallen kranen en it brêgedek fan stielboubedriuw BSB út Burgum en boubedriuw Mourik yn Alphen aan den Rijn. Der wurdt in ponton pleatst op it wetter. Tongersdeitemiddei komt dêr in kraan op te stean.

It optillen fan de kranen en it brêgedek begjint nije wike. Foar de berging wurde fyftjin huzen ûntromme. Dat is ekstra njonken de achttjin wenningen dy't al sûnt it kraanûngelok, begjin augustus, leechsteane.

BSB, Mourik en kraanbedriuw Peinemann hawwe earder al in fergoeding tasein foar minsken dy't oerlêst hawwe fan de bergingsoperaasje. Om 9 oktober hinne moat alles oprêden wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)