Boer yn Sânhuzen stoarn nei oanfal fan bolle

23 sep 2015 - 20:11
Foto: ANP XTRA

In 56-jierrige boer út Sânhuzen yn Weststellingwerf is woansdei op syn pleats oan de Zandhuizerweg om it libben kaam. Om trije oere hinne waard hy oanfallen troch in bolle. De feehâlder ferstoar yn de stâl oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
boer stoarn bolle Sânhuzen
(advertinsje)
(advertinsje)