Gemeenten leverje te min huzen foar statushâlders

23 sep 2015 - 21:54

Foar Fryske gemeenten wurdt it hieltyd lestiger om foldwaande wenningen te finen foar de saneamde statushâlders, de asylsikers dy't hjir langere tiid bliuwe meie. Yn it twadde healjier moatte yn Fryslân noch sa'n 400 statushâlders plak krije yn in Fryske gemeente.

Twa Fryske gemeenten, De Fryske Marren en Littenseradiel, leverje oant no ta te min wenten foar dit doel. Deputearre Klaas Kielstra sil har der op oansprekke, want de provinsje is tafersjochhâlder as it giet om it húsfesten fan statushâlders.

It is foar it COA fan grut belang dat statushâlders gau in hûs krije, want dan komt der wer romte foar nije asylsikers yn de asylsikerssintra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)