Opbringst kleanwinkel yn Aldeboarn foar flechtlingen

23 sep 2015 - 21:20

Aldeboarn hat in nije twaddehâns kleanwinkel. De opbringst fan dizze ferkeap wurdt fuort oermakke nei it Reade Krús om de flechtlingen te helpen. De winkel is in inisjatyf fan Gerty Siegers en Gerja Wessel. Sy hawwe yn de ôfrûne wiken fia Facebook en oare sosjale media klean ophelle. Dy klean wurde no ferkocht.

De winkel is op woansdeitemiddeis, tongersdeitejûns en sneontemiddeis iepen. Doel is om de winkel yn alle gefallen oant 1 desimber draaiende te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)